Nieuws - Spilersnocht drok mei tariedingen jubileum

Sa't jimme witte is Spilersnocht drok dwaande om yn it kader fan har 40e jierdei wat bysûnders op de planken te bringen. Op Facebook https://nl-nl.facebook.com/Spilersnocht/  kin elkenien hjir fan op de hichte bliuwe. Hawwe jo gjin Facebook, gjin noed , de side is iepenbier en foar elkenien te besjen. Ek op de webside fan Donkerbroek ferskynt regelmjittich nijs oer Spilersnocht. 

In koarte update:

Underwilens hat Spilersnocht wer in foltallich bestjoer en dêr binne wy tige tefreden mei fansels!

Gearstalling bestjoer:

  • Foarsitter: Janneke de Jong 
  • Skriuwer & PR: Jenny Bosma-Veenstra 
  • Ponghâlder: Han van de Wolfshaar 
  • Lid: Wietze Nuwolt 
  • Lid : Marianna Lindeboom

Op Facebook ha ferskate spilers him of har al foarsteld. Spilers fan de ienakters binne: 

  • Skeind: Ingrid de Vries.
  • Op Fakânsje: Anna-Gré Veldkamp, Remmelt Huisman, Jan Reinders, Arianne Huisman en Johannes van der Heide. 
  • Dus..hy..sûpte.. : Sjoukje de Haan, Jildau Terwal, Petra van den Bor en Marianna Lindeboom.

 

Begjin july is der sels filme en hat plysje Johannes van der Heide it ferkear op ‘e kop set. Johanna van der Wâl hat der mei profesjonele apparatuer in geweldich moai filmke fan makke.

Jongerein spilers Iris Teijema en Siem Bosma hienen in machtige middei en wa wit is it in begjin fan in karrière. Wat krekt har ynbring is, tsja, dat is yn oktober pas te sjen…

Sa no en dan ferskine der op Facebook  wat foto's of in krante-artikel 'uit de oude doos'. Ek aardich om te besjen!

Regisseur Tineke Nicolai is nettsjinsteande de fakânsje noch hieltyd drok oan it repetearjen mei de spilers. Alles is yn folle gong. It bestjoer is der ek drok mei mar wat wurdt it moai! Dat wolsto net misse! 

Dus nochris, set yn dyn aginda: freed 6, sneon 7, freed 13 en sneon 14 oktober, teaterrûntsje Spilersnocht, 3 ienakters, 3 lokaasjes! 

Geplaatst op: 24 Augustus 2017

terug