Nieuws - Musical Joazef: Fjouwer kear Ăștferkocht

Yn Tsjusterboxum( Donkerbroek) wie it âfrûne wiikein in feest fan kom sa. De Fryske musikal Joazef ,fan skriuwer Hindrik van der Meer ,waar maar leafst 4x útferkocht  foar it deiljocht brocht. Freed wie de skriuwer sels mei syn frou oanwêzich, en sy wiene getúge fan in prachtiche foarstelling. Sneon stûn it publyk waarachtich sawat  op de banken, en snein moesten de spylers mar leafst 2x oantrede foar in matinee en en jounfoarstelling. ....Klik HJIR foar in hiele boel foto's....

It Ferhaal fan de Musical

In ploech fan wol 60 minsken is fanôf sept. 2016 dwaande west om alles yn kals en semint te krijen. Minsken yn it doarp wienen an it breidzjen, timmerjen as naaien, en meitinken. D’r is in bealich fol wurk ferset troch elkenien.

It wie ek al wer 8 jier lyn, dat de musikal Naäman hjir spyle is, dus it waar ek wol wer tiid! De kar om in fryske musikal te dwaan, wie net sa moeilijk, it is je memmetaal, leit ticht by je hert.

Alle fêrskes wurden troch it koar, begeleid troch it live combo, nei foaren brocht, dit yn in minimalistisch decor, mei allinnich wat kubussen, swart doek en in gouden kroanluchter. Ienfâldich mar moai om te sjen.

De haadrol wurde spyle troch Geert Jan Kraak, noch nea earder in noot song,en in voet op de planken set! Proficiat  foar dizze jonge man, hy wie in prachtiche oertsjoechende Joazef!

Ek de 10 stjonkend jaloerske broers ha d’r wat moais fan makke, wat in kerels! Benjamin (Thijs Nuwolt) en syn heit Jacob (Foppe de Haan) sieten goed yn hun rol!

Yn’t paleis fan de farao (Auke van der Meer) komme 2 tsjoenders Hokus (Femke de Roos) en Pokus (Jeanette Veldkamp) dizze froulju ha ek foar it earst spyle en song, petsje âf! Dit kinne wy ek seker sizze fan frou Potifar (Marianna Lindeboom) wat in prachtiche solo. Har man Potifar (Folkert de Hoop) raast oan de ibissen dat it oars mat!

As ferrassing doche d’r ek noch bêrn mei, earst as skiepkes yn’t lân, dêrnei sjonge sy as klysters boppe by Joazef op de put, en dan letter ek noch mei dwaan mei de keaplju yn de karavaan.

In prachtiche musikal wêre jong en âld, tsjerks of net tsjerks oan mei wurke hat. Dit alles ûnder musikale begelieding fan Hans Jonker en regisseur Anna-Gré Veldkamp.

Geplaatst op: 21 Maart 2017

terug