Nieuws - Stifting "Kom mar op" spilet in reizgjend iepenloftspul

Parseberjocht

Toanielselskip Kom mar op! út Suwâld organisearret dit jier in reizgjend iepenloftspul: In pakje foar Signor Pandarello. It skript is skreaun troch Hans Brans. It wurdt ferwûnderjend, meislepend en Frysktalich teäter yn in unike setting. Doarpsgenoat Jelle Terwal út Donkerbroek spilet in rol yn dizze produksje. Boppedat makket er diel út fan it produksjeteam fan dizze foarstelling.

De ynhâld:

It is in ferhaal oer it ferneamde, yn ferfal rekke, sirkusselskip Pandarello; in oade oan de magy fan fergonklikheid foar jong en âld. It toanielselskip kombinearret teäter mei sirkuseleminten. Kom mar Op! bondelet de krêften mei oare doarpen om sadwaande teater yn meardere mienskippen te stimulearjen.  Dat binne Wyns en Bakkefean. Foarôfgeand oan de foarstelling sil der in sirkusparade plakfine troch de doarpen fan wenweinen, ridende dekôrstikken en lokaal talint. Ek sil der in gearwurking plakfine mei skoallen. Op de jûn fan de foarstelling is der in sirkus-foarprogramma op de spyllokaasje.

De spyldata sille wêze op:

Suwâld 20,22,23 septimber; parade op 19 septimber
Wyns 28, 29,30 septimber; parade op 26 septimber
Bakkefean 5,6,7 oktober; parade op tiisdei 3 oktober
Tiden: foarprogramma 19.30 ; foarstelling 20.30 ; parade 19.00

Foar kaarten en fierdere ynformaasje oer dizze foarstelling kinne belangstellende telâne op www.kommarop.frl

Geplaatst op: 16 September 2023

terug