Nieuws - Laitsje mei de klucht: Dat ha jo goed sketten
Fan ôf kommende freed 9 jannewaris spielet Toanielselskip Spilersnocht fiif foarstellingen yn 't Witte Hûs yn
Donkerbroek. Foarstellingen op 9 en 10, 11 (op 'e middei), 16 en 17 jannewaris. Eltsenien fan herte welkom! Sjuch ek harren hiemside : www.spilersnocht.nl
It ferhaal
Frjemde gasten op kastiel Elrood! Dat rint dêr samar yn en út ! Mar de bewenners binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan te wêzen. Mar op wa soe “Dat ha jo goed sketten” slaan ? Op Jenny ? Of de Skotske útfanhûzer, miskien ? Of op Chester, de fotograaf ? Of slacht it op Hilary, de plysjeman ? It kin fansels ek juffer Patridge wêze. Of Ada, de nije tsjinstfaam. Dy siket it lok wol op in hiel ferkeard plak. Of soe it dan dochs lord Elrood wêze ? Dy libbet yn in fantasijwrâld en jaget noch altiten. It kin fansels ek Amor wêze, dy ’t ek noch om it hoekje kipet.
Spilers: |
|
Lord Elrood, bewenner kastiel Elrood | Koert Donker |
Lady Elrood, syn frou | Wietske Klooster |
Patricia, syn dochter | Aukje van der Weij |
Jenny, útfanhûzer | Esther Bergsma |
Ada, tsjinstfaam | Sjoukje de Haan |
Chester, fotograaf | Jan Reinders |
Juffer Partridge, argeolooch | Ingrid de Vries |
Capone | Goos de Jong |
Wedgwood | René Dam |
Hilary, plysje | Jorrit Kok |
It publyk hat it fansels tige goed sketten ! Jimme kinne nochris âlderwetsk laitsje…….
Geplaatst op: 06 Januari 2009