Nieuws - Spilersnocht spilet it blijspul ‘Earlik alles diele’
De spylgroep is drok dwaande mei de foarstelling die op freed 30 en sneon 29 jannewaris en sneon 7 febrewaris 2015 plakfine sil. ‘Earlik alles diele’ is in komysk blijspul wêryn Jan Reinders, Sjoukje Lindeboom, Wietske Klooster, Remmelt Huisman, Marianna Lindeboom en Arianne Huisman de rollen foar har rekkening nimme. Dit alles bart ûnder de rezy fan Eppie Pera.
Efkes Foarstelle
No ik de regy fan `Spilersnocht` ha, waard my frege om wat oer mysels te fertellen. Ik ben Eppie Pera en wenje mei myn man in Bakkefean. Wy hawwe twa bern en die hawwe elk ek twa bern. Ik mei graach fytse en rinne. Troch myn jongere sus is de leafde foar toaniel wekt. Se spiele by `Eendracht` in Mearum. Dat wie doe in grutte feriening mei in spilersstop. De oare feriening in Mearum , OKK (Oefening Kweekt Kunst) hie ferlet fan in spylster en sa bin ik mei it firus besmet rekke. Beide proaten in de streektoal. Ik gean noch gauris nei in foarstelling fan OKK te sjen.
Doe`t we in 1982 yn Bakkefean te wenjen kamen, ben ik lid wurden fan `Nij Bigjin`. Troch de jierren hinne ha ik der spiele en in pear kear in it bestjoer sitten. Yn it foarjier fan 2013 ha ik noch meispiele yn it iepenloftspul.
De `Toanielfederaasje Opsterlân` organisearre gauris toanielwurkshops en dêr die ik dan ek graach oan mei. Ik bin gjin diplomearre regisseur, mar ha jierren lyn wol in koarte regykursus folge. Yn de ôfrune jierren ha ik in pear kear yn Terwispel regissearre. Twa jier lyn ha ik de oplieding ta Karmaster dien en no gean ik ek in pear kear te karmasterjen.
Ik hoopje dat wy dit winterskoft in protte `spilersnocht` ha meie.
Geplaatst op: 10 November 2014