Nieuws - 40 jier toaniel Donkerbroek!

Dat fiere wy op 6, 7, 13 en 14 oktober mei: in teaterrûntsje, 3 ienakters, 3 lokaasjes! It begjint om 19.45 of 20.00 oere, sjoch goed op jo kaartsje wêr en hoe let. € 10,- it kaartsje ynklusyf kofje/tee & wat lekkers.

Jo kinne in kaartsje keapje yn de foarferkeap (is ûtein set op 18 septimber) by Bloemenhuis Carin of Pand2 en net op de jûn sels . Op in jûn kinne der op syn heechst 120 minsken genietsje fan de ienakters dus…net stinne mar hinne! fol = fol

Lokaasje stiet op tagongsbewiis

Tink der goed om by hokker lokaasje of jo begjinne moatte. Dit stiet op it tagongsbewiis! Kafé Donkerbroek: Begjin 19.45 oere. Couplaza: Begjin 20.00 oere. Laurenstsjerke: Begjin 20.00 oere

It is net nedich om betiid oanwêzich te wêzen. Elke foarstelling hat maksimaal 40 taskôgers. Der is dus foar elk in goed plakje :-). Jo rinne fan de iene lokaasje nei de oare. Mochten jo min op ‘e foet wêze dan kinne jo mei eigen ferfier fan lokaasje nei lokaasje ride.

Mei mooglik makke troch: HSM Sportveldonderhoud en Gazonbemesting.nl

Toanielselskip Spilersnocht 

Geplaatst op: 20 September 2017

terug