Nieuws - Brassband De Bazuin spilet yn de Lawei

Yn it kader fan harren 85-jierrich bestean yn 2019 spilet toanielselskip Us Nocht út Drachten de jubileumfoarstelling “Utblaasd!”, in hiele bekende, yn het Frysk oersette tonielbewurking troch Jan Schotanus fan de film “Brassed off” van Paul Allen. It stik is earder spile yn de iepenloft troch Jorwert.

Dit barren sil wêze op sneon 9 (20.00)  en  snein 10 februari (15.00) yn skouboarch de Lawei te Drachten. De regy is yn hannen fan Theo Smedes en Wytse Algra.

It ferhaal

It stik spilet him ôf yn Yorkshire, Ingelân, yn it begjin fan de njoggentiger jierren. De iene nei de oare koalemyn moat slute. Gjin myn, gjin wurk, gjin middenstân en ek gjin brassband mear. Mar de dirigent lit it der net by sitte. De Grimley Colliery band wint de heale finale yn Halifax en mei meidwaan oan de finale yn de Royal Albert Hall yn Londen. Dêr sil de band nochris ien kear op emoasjonele wize hearre  litte wat se wurdich binne…. 

It is in foarstelling mei  toaniel en muzyk. De realitiet wurdt kombinearre mei in soad humor. Mei in laits en in trien. As Ingelske brassband sil De Bazuin út Donkerbroek oan dizze jubileumfoarstelling meidwaan. Se dogge mei mei de folsleine band. In prachtige útdaging fansels. Toanielspilers sille meiblaze yn de band. Der sille ek twa Donkerbroekster akteurs yn de produksje meidwaan: Doety Miedema en Jelle Terwal. Lêstneamde spilet de dirigent fan de band. Yn de opfiering dogge ek trije bern mei fan 8, 9 en 11 jier.

Info: Efterkant poster en It Ferhaal

Kaarten foar de foarstelling binne te bestellen fia de webside fan de Lawei. www.lawei.nl

Fan herte  wolkom
www.usnocht.nl
 

Geplaatst op: 10 Januari 2019

terug