Nieuws - Spilersnocht en "in kat op in hyt sinken dak"
‘Witsto hoe’t ik my fiel? Ik fiel my as in kat op in hyt sinken dak!’, seit Margje. ‘Spring der dan ôf mins. Spring fan dat dak ôf. Katten kinne dat, dy kinne fan dakken ôfspringe en sûnder in skramke op’e poaten terjochte komme!’, antwurdet Broer.
Spilersnocht út Donkerbroek spilet dit jier ‘Kat op in hyt sinken dak’, in hjoeddeiske bewurking fan in toanielklassieker van Tennessee Williams. Baas-Heit en Mem-Beppe binne beide op harren eigen wize optein dat se fan de bern de útslach fan it sikehûs heart ha en dat heit neat mear mankearret dan in spastyske term. Mar de twa skoandochters fjochtsje lykwols as ‘twa opfokte katten’ om it jild en it transportbedriuw fan Baas-Heit.
It Ferhaal
Marion en har man Jacob meitsje syn broer Broer foaral swart omdat hy drinkt en dermei ûnmooglik de lieding fan it bedriuw oernimme kin. En al hielendal net omdat hy gjin bern hat. Sy ha der fiif ‘en nûmer seis is ûnderweis’. Mar Baas-Heit sjocht leaver Broer as opfolger want hy mei Jacob, syn wiif, en harren fiif identike apen totaal net leie.
‘Sommige manlju hâlde op mei drinken as se trouwe, oaren begjinne der dan pas mei! Broer dronk gjin drip foar’t er..’, leit Mem-Beppe, dy’t ek mear foar Broer fielt, syn probleem by Margje dêl.
Margje sels besiket achter it werom fan it drinken fan Broer te kommen mar foaral ek om in bern fan him te krijen. ‘Hoe wolsto swanger wurde fan in man dy’t fereale is op’e drank?’, freget Broer. ‘Dêr bin ik noch net út’, antwurdet Margje. Sil it har slagje?
Mei in soad druk wit Baas-heit it werom fan it drankprobleem wol út Broer te krijen. Mar dat petear kriget in sturt dy’t Baas-Heit sels totaal fan syn stik bringt.
Mei it famyljedrama ‘De Kat’ bringt Spilersnocht foar in kear wat oars as oars springt fan it hyte dak, om it sa te sizzen , mar dat betsjut net dat der neat te laitsjen falt by dit stik. Sa daagje Baas-Heit en Broer inoar graach út, set Margje in persiflaazje fan de bern fan Jacob en Marion del, en binne Jacob en Marion by fleagen ek hiel nuver.
’Kat op in hyt sinken dak’ fan Spilersnocht wurdt spile op sneon 9 en 16 febrewaris en op freed 15 febrewaris yn it Witte Huis yn Donkerbroek om 20.00 oere. Kaartferkeap fanôf 21 jannewaris by Bloemenhuis Carin.
Geplaatst op: 21 Januari 2019