Nieuws - Toanielselskip Spilersnocht spilet "Amateurs!"

Sûnt ein septimber is Toanielselskip Spilersnocht drok dwaande mei de tariedingen fan de komeedzje Amateurs!  Set mar op de kalinder: sneon 8, freed 14 en sneon 15 febrewaris 2020 stean de spilers fan ús toanielferiening wer op de planken yn Restaurant ’t Witte Huis. Jo binne alfêst fan herte útnûge en wolkom! Kaarten binne te keap fanôf tongersdei 23 jannewaris by Bloemenhuis Carin. 

Jo kinne hjir allinne kontant betelje. Der is wol in pinautomaat oan de oare kant van de dyk.

Alfêst in lyts foarpriuwke fan it stik:

Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de amateurspilers fan Toanielploech Spilersnocht. De toanielploech mei einliks repetearje yn de grutte seal fan de skouboarch. Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt stadichoan senuweftiger. Der is net folle tiid mear oant de premjêre, de regisseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is gjin dekor en wa docht no eins krekt wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht te kloatsekjen, wannear komt Joop en wa docht it mei de regisseur en wa net? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre…

Nijsgjirrich wurden? Net stinne mar hinne!

Eventueel ook in het Nederlands?

Sinds eind september 2019 is Toanielselskip Spilersnocht druk bezig met de voorbereidingen van de komedie Amateurs! Zet maar op de kalender: zaterdag 8, vrijdag 14 en zaterdag 15 februari 2020 staan de spelers van onze toneelvereniging weer op het toneel in Restaurant ’t Witte Huis. U bent alvast van harte uitgenodigd en welkom! Kaarten zijn te koop vanaf donderdag 23 januari bij Bloemenhuis Carin.

U kunt hier alleen contant betalen. Er is wel een pinautomaat aan de andere kant van de weg.

Alvast een klein voorproefje van het stuk:

Zeven akteurs kruipen in de huid van de amateurspelers van Toanielploech Spilersnocht. De toneelploeg mag eindelijk repeteren in de grote zaal van de schouwburg. Om het niveau omhoog te halen, hebben ze voor deze voorstelling een professionele regisseur ingehuurd. De sfeer wordt nu de laatste weken naderen steeds nerveuzer. Er is niet veel tijd meer tot de première, de regisseur wordt ongeduldiger, kostuums zijn niet af, er is geen decor en wie doet nu eigenlijk precies wat? En wie zit er steeds met het licht te ouwehoeren, wanneer komt Joop en wie doet het met de regisseur en wie niet? Allemaal vragen waar nog een antwoord op komen moet, voor de avond van de première…

Nieuwsgierig geworden? Aarzel niet en kom kijken!

Geplaatst op: 23 Januari 2020

terug