Nieuws - Omstannersferslach "Amateurs!"

Sneon 15 febrewaris, de lêste jûn fan de komeedzje Amateurs! Al om 19.15 oere komme de earste fêste oanhingers fan Toanielselskip Spilersnocht deryn.  Tsjin 19.30 oere  is it spitsoere en binne der al wat minder lege stuollen. It is dúdlik, dit wurdt in folle bak dizze jûn: útferkocht! Moai, Donkerbroek en omkriten hat der sin yn! Krekt nei achten giet it ljocht út en wurdt it stil yn de seal.

Ûnder de yndruk fan de grutte seal

As it ljocht noch net folslein oan is, komme regisseur Albert (René Dam) en Henk (Jan Reinders) it toaniel fan de Skouboarch op. It bliuwt mar tsjuster en der spilet ynienen muzyk, nuver…. Ear ‘t Henk it probleem útfine kin wurdt it wer normaal. Undertusken komt ek Nelleke (Sjoukje de Haan) op de planken en efkes dêrnei sjogge we Esmée (Doety Miedema). It wachtsjen is noch op Harry, (Rudi Wijbenga) Daphne (Ingrid de Vries) en Tom (Wouter van de Wolfshaar) Allegearre binne se ûnder de yndruk fan dy ûnfûge grutte seal yn de Skouboarch wêr ‘t se dit kear ûnder lieding fan in profesjonele regisseur it stik Julia ’s reis opfiere meie. Dat hat Henk goed regele!

Stress yn de tarieding

It repetearjen giet oant no ta allegearre lang net sa as Albert it him foarsteld hie. Der is noch net in repetysje west dat elkenien der wie; it dekor is noch net klear; de tekst sit der noch net yn en nimmen komt op ‘e tiid! Stress dus! As Albert fernimt dat de spilers it ferhaal fan syn stik folslein net snappe, wurdt de sfear der net better op.

Al gau blykt dat der ek tusken de froulju en de regisseur wat spilet. Dat de regisseur beynfloede wurdt troch alle froulike sjarmes is wol dúdlik. It smyt behoarlik wat diskusje op, op it toaniel. Undertusken besiket Albert syn akteurs safier te krijen dat der oefene wurdt. Dit hat noch al wat fuotten yn ierde…. Nei in hilaryske warming-up (in troch de akteurs sels betocht dûnske)  is de regisseur it spoar efkes bjuster. Hy wol fan elkenien in goede wurkhâlding! Alle akteurs gean hjirmei akkoard, 100%.

Repetysje mei obstakels

Se  begjinne te repetearjen, earste sêne. Henk komt op yn in wyt tenú mei grutte wjukken fan in ingel, neffens Albert fiersten te oerdreaun mar Henk mei trochspylje. Esmée spilet Julia, dy ‘t it libben net mear sitten sjocht en op de râne fan de brêge har ingel tsjinkomt. Henk, dy't de ingel spilet hat de lakers op syn hân, want dy hege trep op klimme, dat fynt er mar aaklik. Al triljend komt er boppe. De akteurs spylje it stik mar min asto de regisseur leauwe meist en krije omraak de wyn fan foaren.

Nei it skoft moat ingel Henk nochris de trep op en wurdt der fierder repetearre. Daphne fynt it mar neat dat se noch hieltyd neat dien hat by de repetysje en al it geymprovisear en feroarjen fan it ferhaal (troch de regisseur) makket it net makliker. Tom fynt guon sênes op syn minst gewoan stom! Wannear Harry syn stikje spylje moat hat Albert wol gauris de hannen yn it hier. Tuskentroch feroaret ek noch konstant it ljocht, komt der fan alles út it plafond nei ûnderen , hearre wy faak  muzyk en giet it gerdyn ynienen ticht…… Frjemd…. Kabouters?

Chaos kompleet

Fan toanielspylje komt net folle mear op ‘e hispel, Harry hat syn ergernis blike litten troch te sizzen dat elkenien altyd mar tinkt dat hy der neat fan begrypt en der allinne mar by is foar de sfear. En dan komme se ek noch yn in loop…. De frustraasjes fan Albert rinne heech op. De froulju fleane mekoar yn de hierren, Henk is al fuortstjoerd en it wurdt wol dúdlik dat de regisseur mei alle froulike akteurs wol mear dielt dan allinnich dit toanielstik…

Eintsjebeslút goait Albert de hândoek yn de ring en giet fuort. Der wurdt noch wat neipraat en opromme troch de akteurs. Yn de lêste minuten sjogge wy Henk op it toaniel. It ljocht docht wer raar en wy hearre spannende lûden. Henk wurdt bang en ropt lûd om de toanielmaster. Op it momint dat hy tinkt dat it in grapke is komt in grut diel fan it dekor nei ûnderen, op de eftergrûn sjogge wy in steltsje kabouters. Henk is ûnderwilens hurd razend fan it toaniel ôf  flein.

Hoe of it fierder giet mei de sân akteurs en regisseur Albert mei it stik Julia’s reis sille wy nea witte mar dat de spilers fan Spilersnocht in prachtich stik op de planken set ha is dúdlik! Steande ovaasje! Foarsitter Pyt Liemburg betanket elkenien foar syn of har ynset, fan ynstekkers oant technyk, fan dekôrploech oant alle oare frijwilligers. Der folget noch in ferlotting en dêrnei wurdt der noch oant fier nei tolven neipraat. It wie in moaie jûn, oant takomme jier! 

Foto’s fan Pietsje Dijkstra

Noch mear foto’s sjen?

https://myalbum.com/album/5xW6cKrfBNht

 

Geplaatst op: 21 Februari 2020

terug