Nieuws - Toanielselskip Spilersnocht spilet komeedzje "The Sunshine-Boys"

Op sneon 25 febrewaris, freed 3 maart en sneon 4 maart om 20.00 oere spilet Toanielselskip Spilersnocht de komeedzje: The Sunsine-Boys.

De spilers dy 't diskear it toaniel opgean binne: Rudi Wijbenga, Jan Reinders, Ingrid de Vries, Anna-Gré Veldkamp, Koert Donker en Sietske Kamminga. De regy is yn hannen fan Gurbe Dijkstra.

Kaarten binne fan tongersdei 9 febrewaris ôf te krijen by Bloemenhuis Carin, Donkerbroek. In kaartsje kostet 10 euro it stik.

Koarte ynhâld fan it stik:

Eartiids wiene The Sunshine-Boys in stel komiken dy’t oeral yn it lân foarstellingen joegen. Mar op in stuit hie ien fan de beiden syn nocht fan al dat reizgjen en it fertellen fan altyd deselde moppen. Hy waard makelder yn effekten en hat noait wer op it poadium stien. De oare hat der bot lêst fan hân dat syn maat der samar mei op hold en hy hat eins noait wer fatsoenlik wurk hân. No wol de NOS in hommaazje meitsje en útstjoere dy’t oer sokke âld-artysten giet. En dus soene The Sunshine-Boys noch ien kear tegearre de planken op moatte. Mar is dat nei safolle jier noch mooglik? Is der net tefolle âld sear sitten bleaun?

Kaarten binne fan tongersdei 9 febrewaris ôf te krijen by Bloemenhuis Carin, Donkerbroek. 
In kaartsje kostet 10 euro it stik.

Lokaasje: Restaurant Het Witte Huis, Donkerbroek.

Ut namme fan it bestjoer en alle spilers fan Spilersnocht nûgje wy jimme allegearre út foar in gesellige jûn!

Net stinne mar hinne!
Toanielselskip Spilersnocht

Geplaatst op: 14 Februari 2023

terug